Provinsje presintearret Taalplan Frysk op ûnderwiiskongres WOW Frysk

Underwiiskongres WOW Frysk

Foar ûnderwiisminsken wie it grutte kongres dat op woansdei 25 maaie 2016 plakfûn ít evenemint dat eins net mist wurde koe.
De nije digitale metoade Frysk foar it basisûnderwiis Spoar 8 én it it nije toets- en evaluaasjesysteem Grip waarden lansearre.

Sa’n 150 kongresgongers waarden yn de plenêre sesjes ynformearre oer de stân fan saken fan it fak Frysk yn it primêr en fuortsetûnderwiis. Nei de iepening krigen senior-beliedsadviseur Tsjerk Bottema fan de Provinsje Fryslân en ynspekteur-generaal Monique Vogelzang fan de ûnderwiisynspeksje it wurd. Sy fertelden oer de ûntjouwingen dy’t der west hawwe nei it ferskinen fan it ynspeksjerapport Tusken Winsk en Werklikheid yn 2010. It evaluaasjesysteem Grip en de nije digitale metoaden Spoar 8 en Searje 36 meitsje it no mooglik om by it fak Frysk goed en ferantwurde opbringstrjochte te wurkjen.

P1000386Dêrneist waard Taalplan Frysk en de MIF-subsydzjeregeling (Materiële Instandhouding Fries) noch efkes taljochte, dy’t it foar de skoallen ek mooglik makket om it digitale les- en evaluaasjemateriaal oan te skaffen. (Sjoch op de webside http://lesjaan.frl/ foar mear ynformaasje of klik op de link om de tekst fan de taspraak fan Monique Vogelzang te lêzen).

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *