Animaasje oer de Taalplan Frysk-profilen

Uterlik yn it jier 2030 moat it fak Frysk op alle basisskoallen en skoallen foar it fuortset ûnderwiis op foldwaande nivo oanbean wurde. Dat is de ambysje dy’t it Ryk en provinsje mei-inoar ôfpraat hawwe yn de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer. Op foldwaande nivo betsjut dat alle basis- en skoallen foar fuortset ûnderwiis yn 2030 in A-profyl hawwe. Skoallen krije no om ‘e fjouwer jier in taalprofyl takend. In skoalle mei in A-profyl foldocht oan alle easken foar it Frysk ûnderwiis. Skoallen mei in A-profyl hawwe in breed Frysk ûnderwiisoanbod rjochte op Frysk ferstean, lêze, prate en skriuwe. Skoallen dy’t in leger profyl krije, hawwe tydlik noch in frijstelling foar guon ûnderdielen fan it ûnderwiisoanbod. Sjoch hjir ûnder foar in koarte animaasje mei útlis oer de Taalplan Frysk-profilen foar de skoallen:

Leave a Reply