Nijsargyf

Nijsbrief septimber beskikber!

Ferline wike binne de nijsbrieven oer Taalplan Frysk 2030 foar primêr en fuortset ûnderwiis nei de skoallen stjoerd. Wolsto de nijsbrieven sels ek yn de mail ûntfange? Skriuw dy dan yn fia de webside fan Cedin. Kies foar de opsjes Frysk primêr ûnderwiis en/of Frysk fuortset ûnderwiis.

Mear…

Oanmelde foar Fierder mei Frysk op 16 novimber

Fierder mei Frysk is it jierlikse kongres foar dosinten Frysk út it fuortset ûnderwiis en MBU. It fynt dit jier plak op 16 novimber fan 15.30 oant 20.15 op NHL Stenden Hegeskoalle. Doch ynformaasje op, wikselje tips en trúks út en moetsje kollega’s. Haadsprekker dit jier is Lysbeth Jongbloed-Faber. Sy fertelt oer har ûndersyk ‘Frisian…

Mear…

Taalplan Frysk 2030 yn it nijs

Studint sjoernalistyk Arjen Visser makke foar syn ôfstudeeropdracht by Omrop Fryslân fjouwer nijsberjochten oer it projekt Taalplan Frysk 2030. Sa gie de ferslachjouwer mei in skoalstiper op besite by in basisskoalle yn Ljouwert. Dêrneist waarden der 2 learkrêften folge op in basisskoalle yn Kollum en Snits. Hoe pakke sy de Fryske les oan? Wêr rinne…

Mear…

Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter iepen

Alle skoallen yn Fryslân kinne fan hjoed ôf in subsydzje oanfreegje foar it fuortsterkjen fan de posysje fan de Fryske taal en kultuer. Skoallen út alle ûnderwiissektoaren kinne subsydzje oanfreegje: lokaasjes foar berne-opfang, primêr ûnderwiis, fuortset ûnderwiis, mbû, hbû, wû en spesjaal ûnderwiis. Mear ynformaasje? Sjoch foar mear ynformaasje op de side fan de regeling.…

Mear…

€ 400.000 subsydzje beskikber foar Frysk ûnderwiis

Alle skoallen yn Fryslân kinne fan 13 septimber ôf wer in subsydzje oanfreegje foar it fersterkjen fan it Frysktalige ûnderwiis. Mei de regeling Frysk foar no en letter wol de provinsje Fryslân skoallen stypje by it fersterkjen fan de posysje fan it Frysk. Skoallen út alle ûnderwiissektoaren kinne in oanfraach dwaan. Der is û.o. subsydzje…

Mear…

Meartalige ferhalerûte makke troch skoalbern yn Koudum

De bern fan berne-opfang it Fûgelnêst, basisskoalle de Klimbeam en csg Bogerman Koudum krigen freed 25 juny ‘hoog bezoek’. De Kening en deputearre Poepjes kamen op besite! De bern op de skoallen yn Koudum hawwe mei it projekt ‘Kening Koroana’ de ôfrûne wiken wurke oan de meartalige ferhalerûte.  Foto: Cris Toala Olivares Skriuwer Thys Wadman…

Mear…

Earste skoallen oan ‘e slach mei ferbetterjen Fryske les

De subsydzjeregeling ’Frysk foar no en letter’ hie in foarsichtige start. Yn de earste omloop dienen 39 skoallen in oanfraach om it Frysk ûnderwiis te ferbetterjen. Dêrtroch is der minder subsydzje oanfrege dan der beskikber wie. Ien fan de redenen dy’t skoallen neame is dat se troch de koroanamaatregels gjin tiid hienen foar de subsydzje-oanfraach.…

Mear…

Fryske mbû’s krije jild foar Frysk ûnderwiis

Der is goed nijs foar de mbû-skoallen yn Fryslân. De kommende trije jier stelt it ministearje fan OCW alle jierren 100.000,- euro foar Frysk ûnderwiis beskikber. It jild kinne skoallen brûke om lesmateriaal oan te tugen. De provinsje Fryslân ferdielt it jild oer de mbû-skoallen. Foar de basisskoallen en it fuortset ûnderwiis yn Fryslân is…

Mear…

Weromsjen op WOW Frysk 2030

Gewoanwei is der alle jierren in kongres oer it Frysk ûnderwiis by Cedin yn Drachten. Fan ’t jier koe dat troch de koroanamaatregels net trochgean. Mar der wie wol goed alternatyf: WOW Frysk 2030 gie op 26 maaie online! De middei gong fan start mei in yntroduksje fan Taalplan Frysk 2030. Want wat is dat…

Mear…

Tomke bestiet 25 jier!

It is him net oan te sjen, mar Tomke bestiet fan ‘t jier 25 jier! Wa’t syn jierdei hat traktearret en dêrom binne juny en septimber Tomke-feestmoannen! Op 25 maaie waard op pjutte-opfang It Healtsje yn Jobbegea it earst Tomke-feestkofferke oerlange. Foto: Jaap Schaaf, Hoge Noorden Foar alle pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen yn Fryslân stiet der…

Mear…

  • 1
  • 2