Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter iepen

Alle skoallen yn Fryslân kinne fan hjoed ôf in subsydzje oanfreegje foar it fuortsterkjen fan de posysje fan de Fryske taal en kultuer. Skoallen út alle ûnderwiissektoaren kinne subsydzje oanfreegje: lokaasjes foar berne-opfang, primêr ûnderwiis, fuortset ûnderwiis, mbû, hbû, wû en spesjaal ûnderwiis. Mear ynformaasje? Sjoch foar mear ynformaasje op de side fan de regeling.Continue reading “Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter iepen”

€ 400.000 subsydzje beskikber foar Frysk ûnderwiis

Alle skoallen yn Fryslân kinne fan 13 septimber ôf wer in subsydzje oanfreegje foar it fersterkjen fan it Frysktalige ûnderwiis. Mei de regeling Frysk foar no en letter wol de provinsje Fryslân skoallen stypje by it fersterkjen fan de posysje fan it Frysk. Skoallen út alle ûnderwiissektoaren kinne in oanfraach dwaan. Der is û.o. subsydzjeContinue reading “€ 400.000 subsydzje beskikber foar Frysk ûnderwiis”

Meartalige ferhalerûte makke troch skoalbern yn Koudum

De bern fan berne-opfang it Fûgelnêst, basisskoalle de Klimbeam en csg Bogerman Koudum krigen freed 25 juny ‘hoog bezoek’. De Kening en deputearre Poepjes kamen op besite! De bern op de skoallen yn Koudum hawwe mei it projekt ‘Kening Koroana’ de ôfrûne wiken wurke oan de meartalige ferhalerûte.  Skriuwer Thys Wadman skreau foar it projektContinue reading “Meartalige ferhalerûte makke troch skoalbern yn Koudum”

Earste skoallen oan ‘e slach mei ferbetterjen Fryske les

De subsydzjeregeling ’Frysk foar no en letter’ hie in foarsichtige start. Yn de earste omloop dienen 39 skoallen in oanfraach om it Frysk ûnderwiis te ferbetterjen. Dêrtroch is der minder subsydzje oanfrege dan der beskikber wie. Ien fan de redenen dy’t skoallen neame is dat se troch de koroanamaatregels gjin tiid hienen foar de subsydzje-oanfraach.Continue reading “Earste skoallen oan ‘e slach mei ferbetterjen Fryske les”

Fryske mbû’s krije jild foar Frysk ûnderwiis

Der is goed nijs foar de mbû-skoallen yn Fryslân. De kommende trije jier stelt it ministearje fan OCW alle jierren 100.000,- euro foar Frysk ûnderwiis beskikber. It jild kinne skoallen brûke om lesmateriaal oan te tugen. De provinsje Fryslân ferdielt it jild oer de mbû-skoallen. Foar de basisskoallen en it fuortset ûnderwiis yn Fryslân isContinue reading “Fryske mbû’s krije jild foar Frysk ûnderwiis”

Tomke bestiet 25 jier!

It is him net oan te sjen, mar Tomke bestiet fan ‘t jier 25 jier! Wa’t syn jierdei hat traktearret en dêrom binne juny en septimber Tomke-feestmoannen! Op 25 maaie waard op pjutte-opfang It Healtsje yn Jobbegea it earst Tomke-feestkofferke oerlange. Foar alle pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen yn Fryslân stiet der in Tomke-feestkofferke klear! Ek isContinue reading “Tomke bestiet 25 jier!”

21 skoallen krije taalprofyl foar it Frysk

Hjoed hawwe Deputearre Steaten oan de earste 21 skoallen foar primêr ûnderwiis in nij Taalplan Frysk-profyl takend. Dit profyl jout oan op hokker nivo in skoalle it (fak) Frysk oanbiedt. Alve skoallen krije opnij in A-profyl. Fjouwer skoallen behâlde ek itselde, mar leger profyl (B, C en F). Fjouwer oare skoallen krije in heger profylContinue reading “21 skoallen krije taalprofyl foar it Frysk”

Meld dy no oan foar WOW Frysk 2030

Hasto sin oan in ynspirearjende middei? En wolsto praktysk oan ’e slach mei it Frysk by dy op skoalle of berne-opfang? Meld dy dan no oan foar WOW Frysk 2030! Taalplan Frysk 2030 organisearret in tige nijsgjirrich programma mei workshops foar alle ûnderwiisnivo’s en praktykfoarbylden fan skoallen en berne-opfanglokaasjes. Nei in koarte mienskiplike start, kinstContinue reading “Meld dy no oan foar WOW Frysk 2030”