3,2 miljoen euro beskikber foar ferbetterjen Frysk ûnderwiis

Alle skoallen yn Fryslân kinne fan 22 febrewaris ôf in subsydzje oanfreegje foar it ferbetterjen fan it fak Frysk. De kommende fjouwer jier is der alle jierren € 800.000 beskikber foar bygelyks neiskoalling fan dosinten Frysk, ekstra lesmateriaal en it ferfangen fan dosinten dy’t in oplieding Frysk folgje. De regeling Frysk foar no en letterContinue reading “3,2 miljoen euro beskikber foar ferbetterjen Frysk ûnderwiis”

Animaasje oer de Taalplan Frysk-profilen

Uterlik yn it jier 2030 moat it fak Frysk op alle basisskoallen en skoallen foar it fuortset ûnderwiis op foldwaande nivo oanbean wurde. Dat is de ambysje dy’t it Ryk en provinsje mei-inoar ôfpraat hawwe yn de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer. Op foldwaande nivo betsjut dat alle basis- en skoallen foar fuortset ûnderwiis ynContinue reading “Animaasje oer de Taalplan Frysk-profilen”

Start twadde omgong skoalbesites

Undertusken is it al wer fjouwer jier lyn dat de earste skoallen yn it ramt fan Taalplan Frysk besocht binne. De taalprofilen dy’t de skoallen krigen hawwe, binne jildich foar fjouwer jier. Dat betsjut dat der in twadde omgong schoolbesites fan start giet. Nei de simmerfakânsje wurde de earste ôfspraken makke mei de skoallen. In ûndersiker fan NHL Stenden komt by alle basisskoallen en skoallen foar fuortset ûnderwiis yn Fryslân del.

Presintaasje rapport “It is mei sizzen net te dwaan” op ûnderwiiskonferinsje

It lêste heal jier is de hurd wurke om alle gegevens dy’t sammele binne by de skoalbesites (2016 – 2018), as ûnderdiel fan it projekt Taalplan Frysk, te ferwurkjen yn in rapport. De resultaten hjirfan jouwe in goed byld fan it fak Frysk yn it primêr en fuortset ûnderwiis. Op de ûnderwiiskonferinsje Frysk yn it ûnderwiis waard tongersdei 20 septimber 2018 it rapport “It is mei sizzen net te dwaan” presintearre. It rapport waard oanbean oan Kommissaris fan de Kening de hear drs. Arno Brok, deputearre Sietske Poepjes en de ynspekteur-generaal fan it Underwiis Monique Vogelzang. Ek alle oanwêzigen krigen it rapport it ein fan de dei mei nei hûs.