De skoalbesite: hoe wurket it?

De provinsje Fryslân stelt ienris yn ‘e fjouwer jier foar alle skoallen yn it primêr en fuortset ûnderwiis, as ûnderdiel fan it projekt Taalplan Frysk 2030, in Taalplan Frysk-profyl fêst. Dêrfoar bringe de ûndersikers fan NHL Stenden Hogeschool yn opdracht fan de provinsje Fryslân in skoalbesite oan de skoallen. Mei-inoar wurdt sjoen nei hoe’t it (fak) Frysk der op dat stuit foar stiet. Hokker kearndoelen sitte al foldwaande yn it oanbod ferweve? En hokker kearndoelen hawwe noch ekstra omtinken nedich? Yn ‘e mande mei de ûndersiker formulearret de skoalle by de skoalbesite ambysjes om yn de kommende jierren oan te wurkjen. Dêr kriget de skoalle ek help by fan in skoalstiper. Nei fjouwer jier folget der in nije skoalbesite en wurdt it (fak) Frysk op de skoalle op ‘en nij besjoen. It doel is dat alle skoallen yn it primêr en fuortset ûnderwiis yn 2030 in A-profyl helje.

Ofspraak ynplanne

De ûndersiker nimt telefoanysk kontakt op mei de direkteur fan de skoalle om in ôfspraak foar de skoalbesite te meitsjen. Dêrby freget de ûndersiker oft de taalkoördinator fan de skoalle ek oan it petear meidwaan kin. Yn it fuortset ûnderwiis is it dêrneist winsklik dat de dosint Frysk ek by de skoalbesite oanwêzich is. Neist de ûndersiker is der ek in skoalstiper by de skoalbesite oanwêzich. De skoalstiper is in fêste kontaktpersoan foar de skoalle foar Taalplan Frysk 2030.

Fragelist ynfolje

Foarôfgeand oan de besite follet de direkteur en/of de taalkoördinator en/of de dosint Frysk fan de skoalle de digitale fragelist yn. De gegevens út de fragelist wurde mei de ûndersiker bepraat om mooglike fragen te ferhelderjen en misferstannen foar te kommen. Dêrnei sil de ûndersiker oan de hân fan fragen in objektyf en realistysk byld sketse oer hoe’t de skoalle omtinken oan it (fak) Frysk en de Fryske kultuer jout. Dêrút folget it advys foar in Taalplan Frysk-profyl foar de kommende fjouwer jier.

Ambysjes

Dêrneist makket de ûndersiker yn ‘e mande mei de skoalle en skoalstiper in beskriuwing fan de ambysjes fan de skoalle foar it (fak) Frysk en de Fryske kultuer foar de kommende fjouwer jier. De skoalstiper stipet en advisearret by it útfieren fan de ambysjes fan de skoalle. Alle ynformaasje komt byinoar yn in Taalplan Frysk-rapport.

Wat bart der nei de skoalbesite?

  1. De ûndersiker stelt oan de hân fan alle ynformaasje in Taalplan Frysk-rapport op.
  2. De skoalle kriget dêrnei noch 14 dagen de tiid om de gegevens te besjen, mooglik oan te passen of oanfollingen troch te jaan.
  3. Dêrnei kontrolearret de ûndersiker it Taalplan Frysk-rapport noch in kear op folsleinens.
  4. Dan wurdt it definitive Taalplan Frysk-rapport nei de skoalle en de provinsje Fryslân stjoerd.
  5. De provinsje Fryslân nimt kontakt op mei de skoalle foar de digitale ûndertekening fan it rapport. Nei ûndertekening is it Taalplan Frysk-rapport rjochtsjildich en wurdt it rapport troch de provinsje Fryslân yn behanneling nommen.
  6. Binnen acht wike nei ûntfangst nimme Deputearre Steaten in beslút oer it Taalplan Frysk-profyl foar de skoalle.
  7. De skoalle kriget in beslút mei in Taalplan Frysk-profyl.

It beslút wurdt oan it begjin fan it kommende skoaljier fan krêft. It takende Taalplan Frysk-profyl jildt foar in perioade fan maksimaal fjouwer jier.

Skoalstiper

Nei de skoalbesite wurket de skoalle de eigen ambysjes fierder út yn ‘e mande mei de skoalstiper. De ferfolchstappen wurde mei-inoar fêststeld en yn in lochboek opnommen. Fragen dy’t beäntwurde wurde binne: Wat kinne wy as earste oppakke? Wat is der nedich om de ambysjes fierder út te wurkjen? En wa is wêr ferantwurdlik foar? Ek kin de skoalstiper de skoalle helpe by de subsydzje-oanfraach foar de regeling Frysk foar no en letter. De skoalstiper en de skoalle hawwe yn de fjouwer jier nei de skoalbesite geregeld kontakt oer de útfiering fan de ambysjes fan de skoalle.