De trijetalige basisskoalle

Trijetalige skoallen hawwe yn ‘e ôfrûne jierren in flinke ympuls jûn oan it meartalich ûnderwiis. In sertifisearre trijetalige skoalle foldocht oan in dúdlike kwaliteitsstandert foar Nederlânsk, Frysk en Ingelsk. Elke trijetalige skoalle kleuret it taalprofyl yn op in eigen unike wize. Yn dit filmke folgje wy basisskoalle ‘t Holdersnêst yn De Harkema. Skoalstiper Aant Jelle Soepboer en dosint Michiel Veenstra komme oan it wurd oer hoe’t dizze basisskoalle foarm jout oan it konsept trijetalige skoalle.

Mear witte oer de trijetalige skoalle? Sjoch op: Trijetalige skoalle – Cedin Centrum Meertaligheid