Earste skoallen oan ‘e slach mei ferbetterjen Fryske les

De subsydzjeregeling ’Frysk foar no en letter’ hie in foarsichtige start. Yn de earste omloop dienen 39 skoallen in oanfraach om it Frysk ûnderwiis te ferbetterjen. Dêrtroch is der minder subsydzje oanfrege dan der beskikber wie. Ien fan de redenen dy’t skoallen neame is dat se troch de koroanamaatregels gjin tiid hienen foar de subsydzje-oanfraach. Nei de simmerfakânsje giet de regeling foar de twadde kear iepen.

Mei de regeling Frysk foar no en letter set de provinsje Fryslân yn op it ferbetterjen fan de posysje fan it Frysk yn alle ûnderwiissektoaren. Der is û.o. subsydzje beskikber foar neiskoalling fan dosinten, ekstra lesmateriaal en it ferfangen fan dosinten dy’t in oplieding Frysk folgje. Der komme in oantal oanpassingen op de regeling. Sa slút de regeling by de twadde iepenstelling better oan by it ûnderwiisfjild. Ek yn de jierren 2022, 2023 en 2024 kinne skoallen in oanfraach dwaan foar in subsydzje. De subsydzjeregeling makket diel út fan it projekt Taalplan Frysk 2030.

Deputearre Sietske Poepjes: “It is moai om te sjen dat skoallen ynsette op it ferbetterjen fan it fak Frysk. Troch de hiele provinsje binne oanfragen dien. Ik nûgje alle skoallen út dy’t no noch gjin oanfraach dien hawwe, dat nei de simmer wol te dwaan. Sa wurkje wy mei-inoar oan it Frysk foar no en letter.”

Ferrassend Foarkommend Frysk
De Burgemeester Harmsmaskoalle út De Gerdyk sil de subsydzje takom skoaljier brûke om de Fryske taal op in ludike wize sichtber te meitsje yn en om de skoalle. Neist de Fryske lessen sil de Fryske taal en kultuer mei it projekt ‘Ferrassend Foarkommend Frysk’ alle moannen ekstra omtinken krije. Bygelyks troch it organisearjen fan in keatsclinic of in optreden fan in Fryske skriuwer yn de mediateek. Ek krijt de skoalle in subsydzje foar it oanskaffen foar ekstra Fryske lêsboeken foar it projekt ‘Frysk lêze yn it skoft’.

Taalplan Frysk 2030
It projekt Taalplan Frysk 2030 wurket oan de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s. De provinsje set har dêrfoar yn mei taal- en ûnderwiisynstellingen Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden, Omrop Fryslân, Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) en Underwiisburo Semko.