Fergees lesmateriaal foar alle skoallen

Alle skoallen yn it (spesjaal) primêr en fuortset ûnderwiis krije fan it skoaljier 2022-2023 ôf fergees Frysk lesmateriaal oanbean.

Yn it primêr ûnderwiis giet it om de digitale metoade Spoar 8 en it tydskrift Tsjil. Skoallen yn it fuortset ûnderwiis krije fergees tagong ta de digitale lesmetoade Searje 36 en ûntfange it tydskrift LinKk.

Oanmelde

Oanmelde foar it fergees lesmateriaal kin fia www.taalplan.frl/oanmelde. Besteande brûkers hoege harren net op ‘e nij oan te melden.

It fergees oanbieden fan it lesmateriaal draacht by oan de doelstelling fan Taalplan Frysk 2030. Sa kinne de skoallen alle kearndoelen oanbiede foar it fak Fryske taal en kultuer. De subsydzjeregeling Frysk foar no en letter bliuwt beskikber foar skoallen om nei eigen kar oar lesmateriaal oan te skaffen.