Fryske les op it fuortset ûnderwiis mei de metoade Searje 36

Searje 36 is de lesmetoade foar Frysk yn it fuortset ûnderwiis. Tjeerd Kooistra fan CSG Liudger yn Burgum fertelt yn dit filmke mear oer harren ûnderfining mei Searje 36 en it fak Frysk as eksamenfak. Lisa Boersma fan de Afûk is projektkoördinator fuortset ûnderwiis. Sy fertelt mear oer de opbou fan de metoade mei de ûnderdielen Lear! en Doch!. Ien fan de projekten fan it ûnderdiel Doch! is it projekt Dêrom Frysk. Dit projekt hat as doel learlingen yn it fuortset ûnderwiis neitinke te litten oer wat taal foar harren betsjut en harren entûsjast te meitsjen om foar it Frysk as (eksamen)fak te kiezen.

Mear witte oer Searje 36? Sjoch op www.searje36.frl.