Fryske lesmetoaden en tydskriften fergees foar skoallen

Alle skoallen yn it (spesjaal) primêr en fuortset ûnderwiis krije fan takom skoaljier ôf fergees Frysk lesmateriaal oanbean. Yn it primêr ûnderwiis giet it om de digitale metoade Spoar 8 en it tydskrift Tsjil. Skoallen yn it fuortset ûnderwiis krije fergees tagong ta de digitale lesmetoade Searje 36 en ûntfange it tydskrift LinKk. It fergees oanbieden fan it lesmateriaal draacht by oan de doelstelling fan Taalplan Frysk 2030. Sa kinne de skoallen alle kearndoelen oanbiede foar it fak Fryske taal en kultuer.

Deputearre Sietske Poepjes: “Skoallen foar it primêr en fuortset ûnderwiis moatte uterlik yn it jier 2030 alle kearndoelen, lykas Frysk lêze en skriuwe, oanbiede. Dat is de ambysje dy’t it Ryk en de provinsje mei-inoar útsprutsen hawwe yn de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer. Mei it fergees beskikber stellen fan de Fryske lesmetoaden en de tydskriften stypje wy de skoallen by it beheljen fan harren ambysjes foar it Frysk”. 

It fergees oanbieden fan it lesmateriaal is mooglik troch it oanpassen fan de Materiële Ynstânhâlding Frysk (MYF). Earder waard dit jild fan it Ryk fia de provinsje ferdield ûnder de skoalbestjoeren foar de oanskaf fan Frysk lesmateriaal. Yn oerlis mei it ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip en de skoalbestjoeren sil de provinsje it jild brûke om de lisinsje- en oanskafkosten ôf te keapjen. Hjirtroch sil de regeldruk by de skoallen ôfnimme. De skoallen krije begelieding by it ynsetten fan it materiaal sadat it oanslút by de winsken en ambysjes fan de skoalle. Alle skoallen krije ynkoarten ynformaasje oer hoe’t sy tagong krije ta it fergees lesmateriaal.

Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter

De subsydzjeregeling Frysk foar no en letter bliuwt beskikber foar skoallen om nei eigen kar oar lesmateriaal oan te skaffen. Mei dizze subsydzje kin in skoalle ek subsydzje oanfreegje foar oplieding en neiskoalling fan dosinten, ekstra ynset fan personiel foar it (fak) Frysk of foar kulturele aktiviteiten.

Gearwurking

It projekt Taalplan Frysk 2030 wurket oan de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s. De provinsje set him dêrfoar yn mei taal- en ûnderwiisynstellingen Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden Hogeschool, Omrop Fryslân, Ûnderwiisburo Semko en Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO).