Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter

Alle skoallen yn Fryslân kinne fan 22 febrewaris ôf in subsydzje oanfreegje foar it ferbetterjen fan it fak Frysk. Sawol skoallen foar primêr, spesjaal en fuortset ûnderwiis, lokaasjes foar berne-opfang as ûnderwiisynstellingen foar middelber berops-, heger en wittenskiplik ûnderwiis kinne in oanfraach yntsjinje.

Wêr kin ik as berne-opfang, skoalle of ûnderwiisynstelling subsydzje foar oanfreegje?

  • It folgjen fan in oplieding of neiskoalling Fryske taal en kultuer.
  • It oanskaffen fan ekstra Frysk lesmateriaal.
  • It ferfangen fan dosinten dy’t in oplieding of neiskoalling Frysk folgje (frijroasterje fan dosinten).
  • Aktiviteiten op it mêd fan kultueredukaasje. Bygelyks in besite bringe oan in Frysktalich teäterstik.
  • It opstellen fan in taalbeliedsplan mei omtinken foar it Frysk.
  • De ynset fan in fakdosint Frysk yn it fuortset ûnderwiis of mbû.
  • It folgjen fan it begeliedingstrajekt foar it netwurk Meartalich Fuortset Underwiis.

De subsydzjeregeling is iepen fan 22 febrewaris 2021 oant en mei 18 maaie 2021. It maksimale subsydzjebedrach is € 13.500. Der is yn de earste perioade maksimaal € 400.000 beskikber. Nei de simmer giet de regeling foar de twadde kear iepen. Dan is der wer € 400.000 beskikber.

Hoe freegje ik as berne-opfang, skoalle of ûnderwiisynstelling in subsydzje oan?

  • Gean nei de webside: www.fryslan.frl/fryskfoarnoenletter
  • Download it oanfraachformulier en folgje de stappen dy’t op de webside steane.
  • Stjoer it ûndertekene formulier mei alle taheakken nei: provinsje Fryslân, Postbus 20120, 8900 HM LJOUWERT

Fragen?

Nim dan kontakt op mei it klantkontaktsintrum fan de provinsje Fryslân fia telefoannûmer 058 – 292 59 25 of fia de mail: subsidies@fryslan.frl.

Mear ynformaasje oer de regeling is te finen op: www.fryslan.frl/fryskfoarnoenletter