Lês alles oer Taalplan Frysk 2030 yn it projektplan

As meiwurker fan de provinsje Fryslân of ien fan de partnerorganisaasjes krije wy wol gauris de fraach: wat is dat no, Taalplan Frysk 2030? Wa wurkje der oan mei en wat is it oanbod foar de skoallen? Alle antwurden op dizze fragen binne no te finen yn it projektplan Taalplan Frysk 2030. Neist de algemiene doelstelling, is der ek foar eltse ûnderwiissektor in taljochting opnaam op de doelen en aktiviteiten dy’t útfierd wurde ûnder de namme fan it projekt Taalplan Frysk 2030.

Hawwe jo fragen nei oanlieding fan it lêzen fan it projektplan? Nim dan kontakt op fia taalplanfrysk@fryslan.frl.