Mear subsydzje foar Frysk yn it ûnderwiis

Skoallen yn Fryslân hawwe dit jier foar justjes mear as € 422.000,- oanfrege foar de subsydzjeregeling Frysk foar no en letter. Der wie mei-inoar € 275.000 beskikber. Deputearre Steaten hawwe besletten om it subsydzjeplafond te ferheegjen sadat alle oanfregers in subsydzje krije. Takom jier giet de regeling opnij iepen.

Mei de regeling Frysk foar no en letter set de provinsje Fryslân yn op it ferbetterjen fan de posysje fan it Frysk yn alle ûnderwiissektoaren. Der is ûnder oare subsydzje beskikber foar it byskoaljen fan dosinten, ekstra lesmateriaal en it ferfangen fan dosinten dy’t in oplieding Frysk folgje. Dit jier ûntfange 99 skoallen yn Fryslân in subsydzje út de regeling Frysk foar no en letter. Dêrfan wiene der 77 oanfragen fan basisskoallen en 17 oanfragen fan skoallen yn it fuortset ûnderwiis. Fjouwer berne-opfanglokaasjes en ien hbo-ynstelling diene in subsydzje-oanfraach. De subsydzjeregeling is ûnderdiel fan it projekt Taalplan Frysk 2030.

Deputearre Sietske Poepjes: “It is moai om te sjen dat hieltyd mear skoallen de wei nei de subsydzje fine kinne en mei dizze subsydzje op harren skoalle it Frysk in ekstra ympuls jaan wolle. Ik nûgje alle skoallen út dy’t no noch gjin oanfraach dien hawwe, dat takom jier wol te dwaan. Sa wurkje wy mei-inoar oan it Frysk foar no en letter.”

Taalplan Frysk 2030

It projekt Taalplan Frysk 2030 wurket oan de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s. De provinsje set har dêrfoar yn mei taal- en ûnderwiisynstellingen Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden, Omrop Fryslân, Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) en Underwiisburo Semko.