Meartalige ferhalerûte makke troch skoalbern yn Koudum

De bern fan berne-opfang it Fûgelnêst, basisskoalle de Klimbeam en csg Bogerman Koudum krigen freed 25 juny ‘hoog bezoek’. De Kening en deputearre Poepjes kamen op besite! De bern op de skoallen yn Koudum hawwe mei it projekt ‘Kening Koroana’ de ôfrûne wiken wurke oan de meartalige ferhalerûte. 

Foto: Cris Toala Olivares

Skriuwer Thys Wadman skreau foar it projekt fan Koudum Ferbynt twa Fryske ferhalen: ‘De fette dip fan de Kening’ foar de boppebou en it fuortset ûnderwiis en ‘Wite sokjes yn ’e Paleistún’ foar de midden- en ûnderbou. Beide ferhalen gean oer de Kening yn Koroanatiid. Wêr’t de kening oan ’e begjin fan de pandemy noch genoat fan lekker Netflixe en frij wêze, begûn er him yn ’e rin fan de tiid hieltyd iensumer en sels in bytsje down te fielen. Hy freget him yn de beide ferhalen ôf hoe’t it folk om giet mei it isolemint. 

Foto: Cris Toala Olivares

De bern hawwe yn filosofyske petearen yn ’e klasse bepraat wat sy dienen oan gefoelens fan iensumheid en ferfeling. Dat smiet hiele moaie en kreative ideeën op. Sa ûntdekten bern it fiskjen, yoga, gienen de natuer yn, drûgen blommen mei in herbarium, gienen de keuken yn om te bakken of sochten alles op oer dino’s. Spesjaal foar de Kening organisearren de bern in meartalige ferhalerûte. De ferhalerûte is ek te bewûnderjen troch de Koudumer mienskip en omwenners. De 18 QR-koades binne te finen om de trije skoallen hinne.  

Koudum Ferbynt

Koudum Ferbynt is in gearwurkingsferbân wêryn’t de skoallen mei stipe fan Cedin en provinsje Fryslân wurkje oan in trochgeande meartalige line wêryn’t it Frysk sintraal stiet. Sa wurken de skoallen oan suksesfolle projekten as de gedichterûte, de meartalige sportdei, de trijetalige Krystfiering en de meartalige workshopmiddei wêryn’t it Frysk, Ingelsk, Nederlânsk en talen as Arabysk en Papiamentû in plak krije.