Mei in crossauto fol boeken nei it Marne college

Juster wie de kick-off fan de 9e edysje fan LêsNo op it Marne college yn Boalsert. Mei twa crossauto’s waarden boeken nei de skoalle brocht. Mear as 200 learlingen krigen út hannen fan de haadpersonen út it boek in eksimplaar fan ‘Kening fan de cross’.

In absolút rekôr foar LêsNo: 5704(!) learlingen út de ûnderbou fan 40 skoallen yn Fryslân docht dit jier mei oan LêsNo. LêsNo is in ynnovatyf Frysk lêsbefoarderingsprojekt foar jongerein yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis.

Sintraal yn dit projekt stiet dit jier it boek ‘Kening fan de cross’ fan Freddie Scheltema. Yn de bysûndere yllustraasjes fan it boek, makke troch Monique Vogelsang, binne QR koades te finen wêrtroch filmkes mei de haadpersoanen yn it boek te sjen binne, filmkes dy’t krekt noch wat mear fertelle as it boek sels.

Foar it útdielen fan de boeken wie der in gearkomste yn de kantine fan it Marne college, en koenen sa’n 250 learlingen û.o. sjen hoe’t de earste eksimplaren fan it boek ‘Kening fan de cross’ oanbean wurde oan Sietske Poepjes (deputearre), Gerlien van Dalen (direkteur Stichting Lezen), dosint Frysk Jan Hazenberg en learlinge Wietske de Haan.

Hjir stiet in koarte foto-ympresje.