Meld dy no oan foar WOW Frysk 2030

Hasto sin oan in ynspirearjende middei? En wolsto praktysk oan ’e slach mei it Frysk by dy op skoalle of berne-opfang? Meld dy dan no oan foar WOW Frysk 2030!

Taalplan Frysk 2030 organisearret in tige nijsgjirrich programma mei workshops foar alle ûnderwiisnivo’s en praktykfoarbylden fan skoallen en berne-opfanglokaasjes. Nei in koarte mienskiplike start, kinst oan twa digitale workshops meidwaan dy’t by dy en dyn skoalle of berne-opfang passe. Sa is der foar elk wat te heljen!

Datum | woansdei 26 maaie 2021
Tiid | fan 14.30 oant 17.00 oere
Lokaasje | digitaal fia dyn eigen laptop, tablet of telefoan
Foar wa | Underwiisprofessionals út foarskoalsk, basis, fuortset, spesjaal of middelber beropsûnderwiis en studinten

Foar 26 maaie stjoere wy dy in mail ta mei in link om diel te nimmen oan de workshopmiddei.