Oanmelde foar Fierder mei Frysk op 16 novimber

Fierder mei Frysk is it jierlikse kongres foar dosinten Frysk út it fuortset ûnderwiis en MBU. It fynt dit jier plak op 16 novimber fan 15.30 oant 20.15 op NHL Stenden Hegeskoalle. Doch ynformaasje op, wikselje tips en trúks út en moetsje kollega’s. Haadsprekker dit jier is Lysbeth Jongbloed-Faber. Sy fertelt oer har ûndersyk ‘Frisian on social media, the vitality of minority languages in a multilingual online world’. Dêryn komt nei foaren dat njoggen op ‘e tsien Frysktalige jongeren wolris Frysk brûkt op sosjale media. Yn septimber promovearre se mei dit proefskrift oan de Universiteit fan Maastricht. Dêrneist binne der ynspirearjende wurkwinkels te folgjen. Lear bygelyks hoe’tst mei learlingen filosofearje kinst, doch foarbylden op fan goed lêsûnderwiis, gean oan de slach mei kreatyf skriuwen of gean yn petear oer hoe’tst it Frysk as eksamenfak op it kurrikulum krijst.

Wy hoopje safolle mooglik dosinten en studinten Frysk wolkom te hjitten! Oanmelde kin hjir.