Presintaasje rapport “It is mei sizzen net te dwaan” op ûnderwiiskonferinsje

It lêste heal jier is de hurd wurke om alle gegevens dy’t sammele binne by de skoalbesites (2016 – 2018), as ûnderdiel fan it projekt Taalplan Frysk, te ferwurkjen yn in rapport. De resultaten hjirfan jouwe in goed byld fan it fak Frysk yn it primêr en fuortset ûnderwiis. Op de ûnderwiiskonferinsje Frysk yn it ûnderwiis waard tongersdei 20 septimber 2018 it rapport “It is mei sizzen net te dwaan” presintearre. It rapport waard oanbean oan Kommissaris fan de Kening de hear drs. Arno Brok, deputearre Sietske Poepjes en de ynspekteur-generaal fan it Underwiis Monique Vogelzang. Ek alle oanwêzigen krigen it rapport it ein fan de dei mei nei hûs.

It folsleine rapport kinne jo fia ûndersteande link lêze:

Leave a Reply

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.