Proeftún Meartaligens yn it fuortset ûnderwiis

Yn de Proeftún Meartaligens wurde Fryske taal en keunst- en kultuerûnderwiis oan elkoar ferbûn. Ien of mear keunstners sette har maksimaal 30 oeren de skoalle yn en jouwe gastlessen. De ynhâld en grutte fan it projekt wurdt ôfstimd op de winsken fan de skoalle. Ek de kar fan it oantal groepen leit by de dosint. Der binne trije ferskillende proeftunen: kreatyf skriuwen, filosofearjen en folksferhalen.

Proeftún Filosofearjen

Dosinten Frysk Rianne Blokzijl, Joyce Folkertsma, Klazien de Beer en Jolanda Boersma seinen earder al ja tsjin de Proeftún Meartaligens – Filosofearje. Yn oparbeidzjen mei keunstner Sara Scholten en Anna Marije Bloem ûntstie it projekt ‘Taal fan myn hert, de guerilla edysje’. Yn dit projekt giene learlingen oan de hân fan filosofy, teäter en keunst yn petear oer de ‘Taal fan it hert’ en wat dat foar harren en oaren betsjut. Yn dit filmke folgje wy de learlingen fan praktykskoalle De Compagnie fan OSG Sevenwolden op It Hearrenfean.

Proeftún filosofearje krijt in ferfolch! Wat foar jim skoalle?

Sara en Anna Marije wurkje no oan in twadde ferzy. De earste ferzy is geskikt foar skoallen dy’t in learlingepopulaasje hawwe mei in grutte diversiteit oan thústalen, de twadde ferzy is geskikt foar skoallen wêr’t learlingen benammen Frysk- of Nederlânsktalich binne. Liket it dy leuk as Sara mei dyn learlingen oer de taal fan harren hert filosofearret? Doch dan mei en nim kontakt op mei a.bloem@cedin.nl of lês (meikoarten) mear op www.inspirerendmeertaligonderwijs.nl.