Regeling Frysk foar no en letter iepen!

Wurkesto yn it ûnderwiis yn Fryslân? Alle skoallen yn Fryslân kinne fan hjoed ôf in subsydzje oanfreegje foar it ferbetterjen fan it fak Frysk. Oant 18 maaie is der € 400.000 beskikber. Skoallen kinne in oanfraach dwaan foar bygelyks neiskoalling fan dosinten Frysk, ekstra lesmateriaal en it ferfangen fan dosinten dy’t in oplieding Frysk folgje.

De regeling Frysk foar no en letter makket diel út fan it projekt Taalplan Frysk 2030. Wy ynvestearje mei Taalplan Frysk 2030 yn de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s. De provinsje set har dêrfoar yn mei taal- en ûnderwiisynstellingen Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden, Omrop Fryslân, Sintrum Frysktalige Berneopfang (SFBO), Underwiisburo Semko en de Underwiisynspeksje. Frysk, foar no en letter! Mear witte? Sjoch op: www.fryslan.frl/fryskfoarnoenletter