Start twadde omgong skoalbesites

Undertusken is it al wer fjouwer jier lyn dat de earste skoallen yn it ramt fan Taalplan Frysk besocht binne. De taalprofilen dy’t de skoallen krigen hawwe, binne jildich foar fjouwer jier. Dat betsjut dat der in twadde omgong schoolbesites fan start giet. Nei de simmerfakânsje wurde de earste ôfspraken makke mei de skoallen. In ûndersiker fan NHL Stenden komt by alle basisskoallen en skoallen foar fuortset ûnderwiis yn Fryslân del.

Wichtige fragen binne:

  • Wat hat de skoalle dien mei de útsprutsen ambysjes foar it leargebiet Fryske taal en kultuer?
  • Is der mear oanbod foar it leargebiet Fryske taal en kultuer kommen foar de ûnderskate taaldomeinen?

Skoallen hawwe oant 2030 om it oanbod foar it leargebiet Fryske taal en kultuer op nivo te bringen. Wy wurkje hjirfoar mei in stappenplan. Sa kinne skoallen stap foar stap trochgroeie nei in taalprofyl A yn 2030. Dêrneist is der by de skoalbesites ek omtinken foar it opstellen fan in taalbeliedsplan en it foech fan de dosinten dy ’t Fryske les jouwe.

Leave a Reply