Taalplan Frysk-profilen

Mei it projekt Taalplan Frysk 2030 bringt de provinsje Fryslân foar alle skoallen (yn it primêr en fuortset ûnderwiis) yn kaart hokker kearndoelen in skoalle foar it fak Frysk oanbiedt. Der binne bygelyks kearndoelen formulearre foar Frysk ferstean, lêze, prate en skriuwe. Dy kearndoelen binne wer yn Taalplan Frysk-profilen útwurke.

De profilen

Yn it primêr ûnderwiis wurkje wy mei profyl A oant en mei G. Yn it fuortset ûnderwiis binne der fiif profilen (A, B, C1, C2 en D). De profilen binne basearre op de kearndoelen Frysk út de Wet op het Primair Onderwijs (WPO) en de Wet op Voortgezet Onderwijs (WVO).

In skoalle mei in A-profyl foldocht oan alle easken foar it Frysk ûnderwiis. Skoallen mei in A-profyl hawwe in folslein Frysk ûnderwiisoanbod, rjochte op Frysk ferstean, lêze, prate en skriuwe. Skoallen dy’t in leger profyl krije, hawwe tydlik noch in frijstelling foar inkelde ûnderdielen fan it Frysk ûnderwiisoanbod. Bygelyks in skoalle dy’t wol oan de kearndoelen foar Frysk ferstean, lêze en prate foldocht, mar it skriuwen noch net foldwaande oanbiedt.

Ambysjes

Uterlik yn it jier 2030 moat it (fak) Frysk op alle skoallen foar it primêr en fuortset ûnderwiis op foldwaande nivo oanbean wurde. Dat is de ambysje dy’t it Ryk en provinsje Fryslân mei-inoar yn de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer ôfpraat hawwe. Op foldwaande nivo betsjut dat alle skoallen yn it primêr en fuortset ûnderwiis yn 2030 in A-profyl hawwe, útsein de Waadeilannen en gemeente Weststellingwerf. Yn dy regio’s formulearje de skoallen ambysjes foar de streektaal dy’t yn it gebiet brûkt wurdt. Skoallen op de Waadeilannen en yn de gemeente Weststellingwerf komme sa ek foar in heger Taalplan Frysk-profyl yn oanmerking.

Skoalbesite

De provinsje Fryslân stelt ienris yn ‘e fjouwer jier in Taalplan Frysk-profyl fêst troch it útfieren fan in skoalbesite. Skoallen krije dêrmei ynsicht yn de besteande situaasje fan it (fak) Frysk op skoalle. Dêrneist formulearje alle skoallen ek in ambysje foar de kommende fjouwer jier. Yn dy ambysje omskriuwt de skoalle hoe’t sy nei in heger Taalplan Frysk-profyl tawurkje. Nei 4 jier folget der in nije skoalbesite. Mear witte oer de skoalbesite? Sjoch op de side De skoalbesite: hoe wurket it?

Underwiisynspeksje

De Taalplan Frysk-profilen wurde mei de Ynspeksje fan it Underwiis dield. Sa kin de ynspeksje goed tafersjoch op de kwaliteit fan it Fryske ûnderwiis hâlde.

Begelieding

Taal- en ûnderwiisynstellingen (partners projekt Taalplan Frysk 2030) helpe skoallen mei begelieding, skoalling en materiaal. Sa wurkje wy as projekt bygelyks mei skoalstipers. De skoalstiper is in fêste kontaktpersoan foar de skoalle foar Taalplan Frysk 2030. De skoalstiper stipet en advisearret by it útfieren fan de ambysjes fan de skoalle. Sa ferbetterje wy mei it projekt Taalplan Frysk 2030 stap foar stap it nivo fan it Frysk ûnderwiis. De skoalstiper helpt in skoalle mei it opstellen fan in oanpak dy’t by de wurkwize fan de skoalle past. Sa wurkje alle skoallen ta nei in A-profyl yn 2030.