Tsjil Tsjekt: it nije ynteraktive programma foar de boppebou

Omrop Fryslân Tsjil komt mei in nij programma foar de boppebou: fan takom wike ôf kinne skoalklassen meidwaan oan it ynteraktive programma Tsjil Tsjekt. Njonken it programma sil presintator Raynaud Ritsma ek wer fysyk by skoallen del.

Yn Tsjil Tsjekt nimt presintator Raynaud Ritsma de bern fan de boppebou mei op in klassikale en ynteraktive reis troch tema’s dy’t oanslute by de leardoelen fan it primêr ûnderwiis.Elk programma bestiet út twa dielen fol fideo’s, fragen en opdrachten wêrmei’t de klasse punten fertsjinje kin en striidt om de award foar de ‘Tsjilste klasse fan it jier’. “Tsjil Tsjekt is echt wat nijs en wat oars, wêrtroch’t it de deistige saken op skoalle efkes ûnderbrekt, mar dochs hiel learsum is”, seit Raynaud.

Ynteraktyf en aktyf

Njonken it ynteraktive programma giet Raynaud ek fysyk by skoallen del om dêr mei de bern in challenge op te nimmen. “De kombinaasje tusken in programma, ynteraktive opdrachten én in besite oan de skoalle makket dat it echt in belibbing is foar de bern. Dêrtroch bliuwt it se altyd by en hoopje we Fryske edukaasje in moai plak binnen de lessen te jaan.”Om Tsjil Tsjekt by safolle mooglik skoallen te yntrodusearjen, start presintator Raynaud Ritsma mei in toer by de Fryske basisskoallen del. Mei de toer lit hy wat belangryks achter: de ynlochkoade fan Tsjil Tsjekt.Troch mei te dwaan oan de earste opdracht meitsje skoallen fuortendaliks kâns om de earste skoalle te wurden dêr’t Raynaud de challenge útfieren komt. Ek skoallen dy’t noch net de koade krigen hawwe, kinne har oanmelde en kâns meitsje.

Tsjil Tsjekt, do ek?

Dit skoaljier komme sân Tsjil Tsjekts online. Op moandei 10 oktober komt de earste Tsjil Tsjekt online op www.tsjiltsjekt.nl, mei as ûnderwerp de Berneboekewike en ‘dyn taal’. Tsjil Tsjekt is in gearwurkingsprojekt mei Cedin en Afûk. Boppedat hat Tsjil Tsjekt in dúdlike keppeling mei Spoar 8 en Tsjil magazine.