Weromsjen op Fierder mei Frysk

Op 15 novimber 2022 wie de jierlikse stúdzjedei ’Fierder mei Frysk’, it kongres foar dosinten en studinten Frysk út it fuortset ûnderwiis en MBU. It kongres waard organisearre troch Cedin, de seksje Frysk fan de VLLT en de learare-opliedingen Frysk fan NHL Stenden.

Marrit de Schiffart iepenet it kongres Fierder mei Frysk

Marrit de Schiffart iepene it kongres en hiet eltsenien wolkom. Dat wolkom wie yn it bysûnder foar Goffe Jensma, mjirkes (emeritus) heechlearaar, as haadsprekker. Jensma syn rede hie de titel ‘Sykje om lykwicht, it Frysk fan doe nei no nei straks’ en hy die dat oan ´e hân fan trije stellingen:

  • Der wurdt no tefolle ynsetten op meartaligens en te min op Fryske taalfeardichheid yn it ûnderwiis;
  • Sûnder ynset fan digitalisearring rêdt de Fryske taal it net op;
  • De Fryske beweging is net in taalbeweging. mar in literêre beweging, mei it Frysk as kultuertaal as wichtichste ynstrumint.

Jensma fynt omtinken foar meartalichheid yn it ûnderwiis net ferkeard. It jout kânsen op tolerânsje en hat ek in posityf effekt op ús kognityf tinken. Mar hy warskôget ek dat it in neidiel hat, want it soarget foar ûnferskilligens yn it taalgebrûk.

Digitalisearring is wol wichtich, want skoalbern ha belang by it appen yn it Frysk. De bern wolle op digitaal gebiet it Frysk behearskje.

De Fryske taal oerein hâlde, bart net allinne fia taal, mar ek fia literatuer en kultuer, bygelyks films, sjoernalistyk, iepenloftspullen en muzyk.

It Frysk hat woartels. De tydskriften, de Omrop ensfh. binne bledsjes oan de beam. Wy binne no te bot dwaande mei de bledsjes oan de beam en moatte mear fokus hawwe op de woartels.

Jensma einige syn rede mei it foardragen fan it tapaslike gedicht ’De geande man’, skreaun troch Harm Wind.

Goffe Jensma

Dêrnei koene de besikers nei twa wurkwinkels ta mei in ferskaat oan ûnderwerpen: foardrage yn it Frysk, Searje 36, Kurrikulum.frl, LêsNo, oersetsoftware yn ’e klasse en LoCALL.

De wurkwinkels wiene ynteraktyf, learsum en tapasber in it ûnderwiis. Yn it skoft tusken de beide omlopen fan de wurkwinkels wie der in stamppotbuffet, en koene de besikers nei in boekemerk.

Al mei al wie it in slagge kongresdei dy’t ôfsluten waard mei in leuke pubkwis!

Skreaun troch studinten Frysk NHL Stenden: Korrie, Yvonne en Yne