Weromsjen op WOW Frysk 2030

Gewoanwei is der alle jierren in kongres oer it Frysk ûnderwiis by Cedin yn Drachten. Fan ’t jier koe dat troch de koroanamaatregels net trochgean. Mar der wie wol goed alternatyf: WOW Frysk 2030 gie op 26 maaie online!

De middei gong fan start mei in yntroduksje fan Taalplan Frysk 2030. Want wat is dat no eins, Taalplan Frysk 2030? Besjoch hjirûnder it filmke oer Taalplan Frysk 2030.

Wat is Taalplan Frysk 2030 no eins? Anna Marije Bloem en Aant Jelle Soepboer fertelle der mear oer yn dit filmke. Mar ek deputearre Poepjes en de Kommissaris fan de Kening Brok komme oan it wurd.

Nei de mienskiplike start koene de 110 dielnimmers in kar meitsje út in oanbod fan 9 ferskillende workshops. Ynspiraasje opdwaan en leare fan praktykfoarbylden stie sintraal. Net allinne it primêr, spesjaal en fuortset ûnderwiis kaam oan bod. Der wiene ek workshops foar de foarskoalske sektor en it middelber beropsûnderwiis. In kompilaasje fan de ûnderwerpen fan de workshops kinst sjen yn it filmke hjirûnder.

In kompilaasje fan de workshops fan WOW Frysk 2030

Hasto fragen oer Taalplan Frysk 2030? Nim kontakt op fia it kontaktformulier.