Hasto sin oan in ynspirearjende middei? En wolsto praktysk oan ’e slach mei it Frysk by jim op skoalle of berne-opfang? Meld dy dan no oan foar WOW Frysk 2030!
Taalplan Frysk 2030 organisearret in nijsgjirrich programma mei workshops foar alle ûnderwiisnivo’s en praktykfoarbylden fan skoallen en berne-opfanglokaasjes.
Datum | woansdei 26 maaie 2021
Tiid | fan 14.30 oant 17.00 oere
Lokaasje | digitaal fia dyn eigen laptop, tablet of telefoan
Taalplan Frysk 2030
2030: it liket noch fier fuort… Mar der is genôch te dwaan om op alle skoallen yn 2030 in folslein oanbod foar it Frysk te realisearjen. Dizze workshopmiddei draacht by oan de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en ûnderwiisnivo’s. En lit dat no krekt de doelstelling fan Taalplan Frysk 2030 wêze!
Oersjoch fan de digitale workshops:
Troch: Sjoeke Kampen
Wurdkaarten wurde faak brûkt by it temamatysk wurkjen, om de bern nije begripen te learen, har wurdskat te fergrutsjen en petearkes te inisjearen.
Troch it byld op de kaart, wurde de begripen konkreet makke foar de bern. De fragen dy’t sintraal steane binne:
Hoe kinst mear helje út it wurkjen mei – twatalige – wurdkaarten?
Watfoar wurk- en spulfoarmen binne geschikt en leuk om te dwaan?
Yn dizze wurkwinkel beprate we ferskate opsjes, besjogge we praktykfoarbylden, filmkes en ynspirearje we inoar.
Troch: Janneke Brakels
Janneke is sjongeres, sjongcoach en troch har ûnderwiisûnderfining leart se dy op in leechdrompelige wize nije ferskes oan en jout se dêr leuke tips en advizen by.
Yn dizze ynteraktive wurkwinkel sille in soad sjong- en stimtips jûn wurde foar it muzyk meitsjen mei jonge bern.
It doel is om elkenien entûsjast te krijen foar it muzyk meitsjen mei jonge bern èn om dat mei selsbetrouwen dwaan te kinnen. Ek online moat dat slagje!
Nei it folgjen fan dizze wurkwinkel beskiksto wer oer nij repertoire datst drekst ynsette kinst tidens dyn lessen èn witst ek wêr ast it fine kinst op ‘e webside fan 1232zing.
Hoe kin it (foar)lêzen fan Fryske boeken in betsjuttingsfolle bydrage wêze foar it fergrutsjen fan wurdskat, taalbegryp en lêswille? Hoe pakke oare skoallen it Frysk lêzen oan en wannear begjinne je dêr eins mei? Spesjale oandacht foar it projekt en it boek: “Jou my de romte” wer’t prachtige filosofyske fragen by makke binne!
Taal yn Byld is in ynspirearjend en kreatyf projekt wêryn’t learlingen de memmetalen fan harren groep letterlik yn byld bringe. It is in projekt fan ferbining en wurdearring foar taal en identiteit. De online ferzje fan Taal yn Byld hyt TaalTreast. Novimber 2020 wûn it projekt it Europeeske Talenlabel 2020 en yn it juryrapport stiet skreaun: “Het project is klein in aanpak, groot in bereik en opbrengst”.
Yn dizze workshop sille wy jimme ynspiraasje jaan en praktyske tools om moarn yn de klas oan de slach te gean mei de talen fan it hert.
Ynpirearje en motivearje foar it fak Frysk (fû)
Troch: Marrit de Schiffart en Stephan Berger
Yn dizze wurkwinkel steane de foaroardielen oer it fak Frysk sintraal dy’t foar in negative byldfoarming soargje. Wat dochsto as fakdosint as learlingen net motivearre binne en as dat ek nochris fersterke wurdt troch harren neiste omjouwing, bygelyks troch âlden op iepen dagen? Watfoar arguminten brûkst om learlingen (en âlden) yntrinsyk te motivearjen?
Dizze workshop is foar alle profilen.
Troch: Aant Jelle Soepboer & Anna Marije Bloem
Taalûnderwiis giet oer mear as grammatika en stavering allinnich. Underwiispedagooch Biesta stelt ús de krityske fraach: wolle wy by ús learlingen ‘it fet fulle’ of ‘it fjoer ûntstekke’? Troch taalbewustwurding bewust yn te setten ûntstiet der romte foar de taal fan it hert fan dyn learling. Praat mei elkoar oer it Frysk en wêrom’t it Frysk wichtich is foar de Friezen. En jou tagelyk oandacht oan de rykdom fan meartaligens: it Arabysk, Papiamentû, of in streektaal as it Hylpersk of StadsFries. Wy hawwe ommers allegear in taal fan it hert! Untstek dyn fjoer mei ferskillende wurkfoarmen, lesideeën en projekten.
Dizze workshop is foar alle profilen.
Troch: Yvonne Sterkenburg
It projekt Skriuw it mar fan it lektoraat Meartaligens en skriftlike taalbehearsking (NHL Stenden) draait om it yn kaart bringen fan Fryske skriuwfeardigens yn it FU. It projekt soe wat dat oanbelanget sjoen wurde kinne as in foarûndersyk foar Taalplan Frysk 2030, mei as wichtigste fragen: wat dogge we yn ús lessen Frysk al as it oankomt op skriuwfeardigens en wat soe dêr noch oan taheakke wurde moatte om profyl A skoalle te wurden?
Yn dizze wurkwinkel ûndersykje we mei elkoar hoe’t it skriuwen yn it Frysk net allinnich romte krije kin yn de lessen Frysk mar miskien wol binnen de hele skoalle. Dat: slypje dyn poatlead en Skriuw it mar!
Dizze workshop is foaral foar A- en B-profilen.
Troch: Eduard Rekker
Learlingen/studinten dy’t harren eigen ferhaal yn fideo fêstlizze. Dat soe dochs prachtich wêze? Hoe’t dat op in útdaagjende wize kin, dêr ferteld De Fryske Flogger Eduard Rekker jimme alles oer. De prakyksitewaasje fan dizze wurkwinkel komt út it mbû (Nordwin College), mar de wurkwize is ek tige nijsgjirrich en tapasber foar primêr- en fuortsetûnderwiis.
Binnen it fuortset en middelber beropsûnderwiis is it wichtich om de ûntwikkeling fan taal te keppeljen oan de (deistige) praktyk fan de learlingen/studinten. Wieger van Keulen en Eelko Zandberg fan ROC Friesland College nimme jimme mei yn harren wurkwize, dy’t soarget foar in hiel soad entûsjastme by studinten én foar fernijende ideeeën yn harren beropssektor. Dat alles is ta te passen foar studinten fan álle (berops)opliedingen en makket ek noch diel út fan de eksaminearring.