Ynspirearjend meartalich ûnderwiis

De wrâld dêr’t wy yn libje is meartalich. Ek yn Fryslân prate we net allinne Frysk en Nederlânsk, mar ek in protte oare talen. Dizze meartalige wrâld freget om in spesifike begelieding fan learlingen by it fierder ûntwikkeljen fan har taalfeardigens. Yn Taalplan Frysk 2030 wurket it projekt Ynspirearjend Meartalich Underwiis yn ’e mande mei skoallen oan it ûntwikkeljen en ymplemintearjen fan ynspirearjende wurkwizen en materialen. De Fryske taal is hjirby it sintrale útgongspunt. Yn dit filmke sjogge wy mei op de gearwurkingsskoalle De Wâldiik yn Boelensloane.

Skoalstipers Janke Singelsma en Jolanda Verhoef fertelle oer de ferskate aktiviteiten dy’t der mooglik binne by Ynspirearjend Meartalich Underwiis. Learkrêft Joke Scheffer lit sjen hoe’t sy op harren skoalle omtinken jouwe oan de Fryske taal en kultuer en meartaligens.

Mear witte oer Ynspirearjend Meartalich Underwiis? Sjoch op: Thús – Inspirerend Meertalig Onderwijs