Woansdei 10 septimber 2025 wie de Masterclass Berneboekewike. It tema dit jier: ‘Fol Aventoer!’
De boeken ‘Omke Ule sjocht stjerren’ van Paul van Dijk, ‘De Wurdskat’ van Rebecca Gugger en Simon Röthlisberger en ‘De rôf fan de Fryske mummy’ van Jorrit de Klerk stiene sintraal. Rom 120 professionals út it basisûnderwiis waarden ynspirearre troch ferskillende workshops, in toanielfoarstelling, muzyk en se koene yn ’e kunde komme mei berneboekemakker Paul van Dijk en yllustrator Edward Kobus. Elk gie nei hûs mei in boek en in magazine fol ynspiraasje.
Foar wa’t it mist hat: de materialen binne te finen op de webside fan Ynspirearjend Meartalich Underwiis.