De Fryske taal is ûnskiedber fan de Friezen en ús identiteit. In taal om grutsk op te wêzen én yn te ynvestearjen. As provinsje wolle wy alle bern yn Fryslân in kâns biede om de Fryske taal te learen. Dêrom moat uterlik yn 2030 it fak Frysk op alle basisskoallen en skoallen foar it fuortset ûnderwiis op foldwaande nivo oanbean wurde. By foarskoalske edukaasje, mbû, heger ûnderwiis en it spesjaal ûnderwiis kieze wy foar it fuortsterkjen fan de trochgeande learline. Sa komme bern fan alle jierren yn oanrekking mei de Fryske taal, fan berne-opfang oant heger ûnderwiis. De provinsje set him dêrfoar yn mei taal- en ûnderwiisynstellingen Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden, Omrop Fryslân, Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) en ûnderwiisburo Semko. Mar boppedat wurkje wy mei dosinten, skoallen en skoalbestjoeren. Wy ynvestearje mei Taalplan Frysk 2030 yn de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s.
Mear oer Taalplan Frysk 2030