Masterclass Berneboekewike 2025

11 Desimber 2025

Yn septimber wie de Masterclass Berneboekewike. Learkrêften waarden ynspirearje om yn de Berneboekewike oan ’e slach te gean mei Fryske berneboeken. En dat ha se dien!

Rûnom yn Fryslân binne learlingen op aventoer gien mei ‘Omke Ule sjocht stjerren’ fan Paul van Dijk, ‘De Wurdskat’ fan Rebecca Gugger en Simon Röthlisberger en ‘De rôf fan de Fryske mummy’ fan Jorrit de Klerk. Sa as op de Professor Casimirschool yn Kollum, dêr’t de masters en juffen it toanielstik spile hawwe, CBS de Frissel yn Feanwalden, dêr’t in bysûnder sliepplak foar Omke Ule en Eppy makke is, IKC Sint Maarten yn Boalsert, dêr’t de bern oan de slach gien binne mei de wurdkaartsjes, en OBS de Striepe in Oldeholtpade.

Hawwe jim de Masterclass mist, mar wolle jim wol mei de boeken oan ’e slach? Op www.inspirerendmeertaligonderwijs binne alle materialen te finen.

Deel dit artikel:


To top
Masterclass Berneboekewike 2025 – Taalplan Frysk 2030