In wrâldreis yn 80 dagen

  • Fuortset ûnderwiis
  • Primêr ûnderwiis

It meartalige projekt ‘In wrâldreis yn 80 dagen’ is in fakoerstiigjend projekt foar de boppebou fan it primêr ûnderwiis en de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. Dit projekt jout mooglikheden ta in fleksibele, mar foaral ek in hiel aardige, boartlike lesrige. Dit projekt nimt jimme in bytsje mei nei it bûtenlân.

De grutte doelstelling fan dit projekt is om Frysk lêzen te befoarderjen en sjen te litten oan leararen hoe maklik oft it wêze kin om de Fryske taal te yntegrearjen  yn in oar fak. It projekt kin dus ynset wurde foar it fak Frysk, mar ek by de measte oare fakken.

Beskriuwing

It projekt bestiet út it stripboek ‘In wrâldreis yn 80 dagen’, in hânlieding, it fragenboekje foar learlingen, in dokumint mei linkjes nei digitale boarnen (ynfopunten) en in katern fan ‘Lêze om te Learen’.

Foar mear ynfo en materialen, sjoch: 

https://www.inspirerendmeertaligonderwijs.nl/in-wraldreis-yn-80-dagen/?lang=nl


To top
In wrâldreis yn 80 dagen – Taalplan Frysk 2030