Wittenskiplik ûnderwiis

Begelieding

De Ryksuniversiteit Grins (RuG) biedt as iennichste universiteit yn Nederlân it foltiids bachelor programma Friese Taal en Cultuur oan. Dit bachelorprogramma is ûnderdiel fan de oplieding Nederlandse Talen en Culturen wêryn’t studinten kieze kinne tusken Nederlânsk en Frysk.

Ek biedt de RuG in masteroplieding ta earstegraads learaar Frysk en in masteroplieding Multilingualism (ferbûn oan de alfde fakulteit Campus Fryslân) oan. Ta beslút stelt de Ryksuniversiteit geregeld promovendy oan dy ’t ûndersyk dogge nei in oan it Frysk of oan Fryslân relatearre ûnderwerp.

To top
Wittenskiplik ûnderwiis - Taalplan Frysk 2030