31 maart 2026 wie in hiel spesjale dei op de BHS (Burgemeester Harmsmaskoalle) op ’e Gordyk. Normaal krije de learlingen yn de earste klassen ien kear yn’e wike les yn Fryske taal en kultuer, mar tiisdei stie de hiele dei yn in it teken dêrfan. Dosinten Bram Sikkema en Marius del Grosso organisearje ien kear yn it jier in Fryske dei.
De learlingen krije keatsles fan professionals, priuwe typysk Frysk iten lykas Opsterlanner tsiis, kjellepoat en fansels sûkerbôle. Omtinken foar taalekspresje (nij kearndoel!) wie der ek: yn it teäterlokaal moasten de learlingen in alternatyf betinke op bûter, brea en griene tsiis, wa’t dat net sizze kin, is gjin oprjochte Fries en dit oan elkoar útbyldzje. De kreative learlingen koene in tegeltsje meitsje mei typysk Fryske útspraken en siswizen. Fantastysk om te sjen hoe’t de learlingen troch dizze aktiviteiten entûsjast mei de Fryske taal en kultuer oan ’e slach giene.
De klapper kaam oan de ein fan de dei: it alarm gie en alle learlingen moasten nei de kantine. Dêr stie de band De Doelleazen klear foar in spetterjend optreden! Der waard dûnse, song en genoaten fan dizze geweldige ôfslúter! Op nei takom jier!