Bestjoeren

Foar skoalbestjoeren

Bestjoerlik oerlis mei skoalbestjoeren

Om yn goed kontakt te bliuwen mei de skoalbestjoeren yn it primêr en fuortset ûnderwiis organisearje wy twa kear yn it jier in bestjoerlik oerlis.

Wy organisearje it bestjoerlik oerlis mei de skoalbestjoeren yn Fryslân en deputearre Folkerts.

Yn dy gearkomsten wurde de skoalbestjoeren bypraat oer de lêste ûntwikkelingen oangeande it Frysk yn it ûnderwiis en wat dat foar harren betsjut. Ek diele ferskate bestjoeren harren ûnderfiningen en goede foarbylden út de praktyk.

Mei-inoar yn petear

Romte foar ûntwikkelingen, ûnderfiningen en ferlet

Dêrneist is der romte om mei-inoar yn petear te gean oer de ûntwikkelingen dy’t by de bestjoeren spylje op it mêd fan it Frysk.

It bestjoerlik oerlis is in moai momint om ûnderfiningen út te wikseljen en om te hearren hokker stipe en ferlet der is om yn de kommende jierren fierdere stappen te setten rjochting de 2030-ambysjes foar de Fryske taal en kultuer yn it ûnderwiis.

Earstkommende gearkomste

Bestjoerlik oerlis op 12 novimber 2026

Datum 12 novimber 2026
Tiid 09.00 oant 11.00 oere
Lokaasje Restaurant Groote Wielen yn Ljouwert

It earstkommende bestjoerlik oerlis wurdt hâlden op 12 novimber 2026, fan 09.00 oant 11.00 oere yn Restaurant Groote Wielen yn Ljouwert.

Skoalbestjoeren ûntfange in útnûging fia e-mail. Fia ûndersteande knop kinst dy oan- of ôfmelde foar it bestjoerlik oerlis.

Oanmelde foar it bestjoerlik oerlis
To top
Bestjoeren - Taalplan Frysk 2030