SFBO – kennissintrum meartaligens jonge bern stipet en advisearret berne-opfanglokaasjes by it oanbieden fan in twatalige opfang. Hjirfoar wurkje sy mei in netwurk fan twatalige berne-opfanglokaasjes. Om alle âlden de kâns te jaan om harren bern nei in twatalige opfang te bringen, set it projekt Taalplan Frysk 2030 yn op útwreidzjen fan it besteande netwurk. Dêrneist wurket it projekt oan it heech hâlden fan de kwaliteit fan de besteande twatalige lokaasjes. Fan de yn totaal 400 lokaasjes foar berne-opfang binne der sa ’n 265 oansletten by it twatalige netwurk fan SFBO – kennissintrum meartaligens jonge bern.
Mear witte oer twatalige berne-opfanglokaasjes? Nim kontakt op mei it SFBO – kennissintrum meartaligens jonge bern.
Oerdracht fan âlden op bern spilet in wichtige rol by it behâld fan in taal. It jout de bern in taalbasis mei foar harren lettere libben. Om âlden dêr bewust fan te meitsjen, sette wy as projekt Taalplan Frysk 2030 yn op het ynformearjen fan âlden oer dit tema mei foarljochtingsmateriaal. Ek binne der ûnderskate materialen ûntwikkele dy’t (profesjonele) opfieders helpe by it Frysktalich grutbringen fan (harren) bern.
Foarbylden binne:
De professionals dy’t wurkje yn de foarskoalske edukaasje wurde foar it grutste part oplaat troch Firda. Dêrom sette wy mei it projekt Taalplan Frysk 2030 yn op foldwaande omtinken foar it belang fan de memmetaal en meartalich grutbringen yn de oplieding foar pedagogysk professionals en ûnderwiisassistinten. Dêrnjonken wurdt der alle jierren in tal kursussen en workshops organisearre foar pedagogysk professionals. Dat fariearret fan in workshop oer materiaal oant kursussen Fryske taalfeardigens.
Mear witte oer dit tema? Nim kontakt op mei SFBO – kennissintrum meartaligens jonge bern.
Foar meartalich opgroeien fan bern is in ryk taaloanbod krúsjaal. Troch in soad mei bern te praten, (foar te) lêzen, ferskes te sjongen en op oare boartlike manieren de taal te brûken ûntstiet der in taalbasis dy’t nedich is foar in goede meartalige ûntjouwing. Dêrom sette wy yn op de ûntjouwing fan de metoade Tys & Teske, edukative spultsjes, telefyzjeprogramma’s, foarlêsfilmkes en tematyske materialen.
Besjoch it oanbod op dizze webside.
Mear witte oer de materialen? Nim kontakt op mei de Afûk.
De professionals dy’t wurkje yn de foarskoalske edukaasje wurde foar it grutste part oplaat yn de regionale opliedingssintra yn Fryslân. Dêrom sette wy mei it projekt Taalplan Frysk 2030 yn op foldwaande omtinken foar it belang fan de memmetaal en meartalich grutbringen yn de oplieding foar pedagogysk meiwurker. Dêrnjonken wurdt der alle jierren in tal kursussen en workshops organisearre foar pedagogysk meiwurkers. Dat fariearret fan in workshop oer materiaal oant kursussen Fryske taalfeardigens.
Sjoch foar it oersjoch fan workshops en kursussen yn de aginda.