Mbû

Wy binne mbû is in gearwurkingsferbân tusken Aeres, Firda en Afûk en is ûnderdiel fan Taalplan Frysk 2030. Mei-inoar hawwe wy as doel om de posysje fan it Frysk yn it middelber beropsûnderwiis te fersterkjen.

Dosint Boargerskip

De persoanlike ûntwikkeling fan studinten is in wichtich ûnderdiel binnen harren oplieding. It fak Boargerskip hat dêryn in grutte rol. Binnen it gearwurkingsferbân Wy binne mbû wurde dêrom lesmaterialen ûntwikkele foar it fak Boargerskip.

Dizze lessearjes slute oan by de ferskate boargerskipstema’s. Dizze tema’s wurde keppele oan de Fryske kontekst. Hjiryn spylje de Fryske taal en kultuer in rol, mar bygelyks ek de karakteristike mienskipssin, de Fryske paradoks en it feit dat der yn Fryslân relatyf in soad lytse bedriuwen fêstige binne.

Lês mear oer Dosint Boargerskip

 

identifikaasje
mei de regio

Fakdosint

Ut ferskate ûndersiken docht bliken dat passend taalgebrûk op de wurkflier soarget foar sukses.
Dêrby giet it derom de taal te kiezen dy ’t it bêste oanslút by de gesprekspartner.

Oan ‘e hân fan trainingsprogramma’s, temadagen, gastkolleezjes en sektorspesifike praktykopdrachten krije studinten kennis en ynsjoch oer harren takomstige doelgroep(en) en leare sy meartaligens op in bewuste wize yn te setten yn ‘e beropspraktyk.
Mei de praktykopdrachten ûntwikkelje se dêrneist harren eigen ideeën foar en mei it bedriuwslibben.

Lês mear oer Fakdosint

wy
brûke talen
yn ús wurk

Dosint Frysk

Yn it kardiel Frysk leare studinten oan de hân fan algemiene lessen oer de Fryske stavering en grammatika.

Mei praktykopdrachten ferbetterje se harren taalfeardigens yn fiif domeinen: lêzen, skriuwen, ferstean, praten en petearfeardigens. It keuzediel Frysk foarsjocht op dit stuit yn de nivo’s: A1, A2 en B1.

Yn it kardiel Frysk is net allinnich oandacht foar de persoanlike feardichheden fan de studint.
Troch praktykopdrachten slút it lesprogramma ek oan by harren beropspraktyk.

Studinten rûne it kardiel Frysk ôf mei in eksamen op de fiif domeinen en ûntfange by it slagjen foar it kardiel in sertifikaat.

Lês mear oer Dosint Frysk

wy
wurkje oan
it Frysk

To top
Mbû – Taalplan Frysk 2030