It projekt Taalplan Frysk 2030 soarget foar de begelieding fan skoallen by it fuortsterkjen fan it oanbod Frysk yn it ûnderwiisprogramma. Sa is der foar alle skoallen in “skoalstiper”. Dat is in fêst kontaktpersoan foar de skoalle. Skoallen hawwe geregeld kontakt mei de skoalstiper en krije op de praktyk rjochte stipe by it fuortsterkjen fan it Frysk yn it ûnderwiisprogramma fan de skoalle.
De skoalstiper soarget derfoar dat de ambysjes en útfiering oanslute by de spesifike situaasje fan de skoalle. Dêrneist bepaalt de skoalle yn oerlis mei de skoalstiper hokker oplieding of neiskoalling der nedich is foar learkrêften, hokker materiaal se brûke wolle yn de lessen en oan hokker eveneminten de skoalle meidwaan wol. Ek prate de skoalle en skoalstiper ôf wat de skoalle dwaan sil om de bewustwurding fan it team, de learlingen en/of âlden om it tema Frysk hinne te befoarderjen. De skoalstiper helpt de skoalle by de útfiering fan de ambysies en hâldt de fuortgong by troch geregeld by de skoalle del te gean.
Skoallen kinne ek gebrûk meitsje fan in memmetaalsprekker en/of “taalstiper”. Memmetaalsprekers binne frijwilligers dy’t 1 of 2 wyks in deidiel op skoalle komme om oan de pjutten Frysk te jaan. In “taalstiper” is immen mei in ûnderwiiskwalifikaasje dy’t in learkrêft yn de midden- en boppebou fan de basisskoalle helpt by it foarmjaan fan de Fryske les.