Betsjuttingsfol ûnderwiis mei it projekt LêsNo op CSG Liudger yn Drachten

LêsNo is in Frysk lêsbefoarderingsprojekt foar jongerein yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. It projekt giet faak oer maatskiplike tema’s dy’t de jongerein oansprekke. Skoalstiper Marrit de Schiffart fan Cedin fertelt yn dit filmke mear oer dit projekt dat ta doel hat de lêswille by de learlingen te fergrutsjen. Aafke de Jong is dosint Frysk op it CSG Liudger yn Drachten op de lokaasje Raai. Sy lit sjen hoe’t sy it projekt yn de klasse brûkt om de learlingen ûnder te dompeljen yn de Fryske taal. It projekt LêsNo is in inisjatyf fan it Platfoarm Lêsbefoardering Frysk. Afûk, Cedin, Fers en Stichting Lezen meitsje mei-inoar alle jierren in nij boek yn kombinaasje mei oare media (sa as in webside of flogsearje). Dêrfoar wurdt ûnder oare gearwurke mei Omrop Fryslân, GGD Fryslân en ferskate útjouwers.

Mear ynformaasje oer LêsNo is te finen op: www.lesno.nl.

To top
Betsjuttingsfol ûnderwiis mei it projekt LêsNo op CSG Liudger yn Drachten – Taalplan Frysk 2030