Fryske Poëzywike – Ynspirearjend Meartalich Underwiis

06 Desimber 2024

Yn jannewaris is it wer tiid foar it twadde topprojekt fan Ynspirearjend Meartalich Underwiis, de Fryske Poëzywike. De Fryske Poëzywike slút oan by it tema fan de lanlike Poëzieweek (fan 30 jannewaris o/m 5 febrewaris 2025): ‘Lijfelijkheid’. It is bedoeld foar alle groepen yn it primêr ûnderwiis. Fryske gedichten foarmje de basis om op in kreative wize mei it Frysk, Biltsk of Stellingwerfsk oan de slach te gean. 

Foar alle bouwen wurde der aktiviteiten makke dy’t sammele wurde yn magazines. Dizze binne fergees del te heljen op de webside. Fierder wurde de gedichten dy’t skoallen meitsje by elk tema sammele. Dizze binne werom te finen yn de earegalery op de webside en kinne as foarbyld tsjinje.  

Wolst ek meidwaan oan de Poëzywike en de materialen ûntfange op skoalle? Jou dy dan op fia www.inspirerendmeertaligonderwijs.nl/poezywike

Deel dit artikel:


To top
Fryske Poëzywike – Ynspirearjend Meartalich Underwiis – Taalplan Frysk 2030