It tydskrift Tsjil komt dit skoaljier fiif kear út, nei alle skoalfakânsjes in moai nij nûmer. Tsjil is bedoeld foar de boppebou fan de basisskoalle en wurdt al op sa’n 280 skoallen yn Fryslân lêzen. Hieltyd faker hearre wy fan it ferlet om Tsjil ek yn de middenbou te brûken en dêr dogge wy graach wat mei.
Ein febrewaris en ein maaie komt der in spesjale middenbou edysje fan Tsjil foar groep 4-5-6! In folslein Frysktalich magazine mar mei krekt oare tekstsoarten en ûnderwerpen as by de boppebou. Kinst de middenbou-Tsjil no al fergees oanfreegje fia www.taalplan.frl/oanmelde. Wa’t oanfreget foar 20 jannewaris krijt it premjêrenûmer ein febrewaris op skoalle. Dat wolle jim dochs net misse?
En dan noch eefkes dit: witte jim wol dat Tsjil ek online te lêzen is? Handich foar op it digiboerd! Sjoch op www.cedinonderwijs.nl/tsjil