Hinke de Ko wer fan stâl

10 febrewaris 2026

Yn de krookjefakânsje fan 2026 komt Hinke de Ko wer fan stâl. Hinke is noch like nijsgjirrich en somtiden in bytsje ûndogensk.  Sa springt se foar it earst op kreakjend iis en is hielendal ferwûndere troch in reade ballon yn de loft. De nije rige is taliger as it earste seizoen. Hinke praat mear en der is ek in ferteller dy ’t de bern meinimt yn it ferhaal.

It twadde seizoen fan Hinke de Ko is fan moandei 22 febrewaris ôf te sjen op de webside fan Tsjil, YouTube-kanaal Tsjiltsje en Omrop Fryslân TV.

Deel dit artikel:


To top
Hinke de Ko wer fan stâl – Taalplan Frysk 2030