Lês-mar-foar-wiken 2025 ôftrape mei de ‘Foarlêstafette’

05 septimber 2025

Fan 1 oant en mei 26 septimber binne it de ‘Lês-mar-foar-wiken’. Fan ’e moarn wie de ôftraap op CBS De Hoekstien yn Surhústerfean, dêr’t foarlêzen waard troch wethâlder Tjibbe Brinkman fan de gemeente Achtkarspelen en troch Berneboeke-ambassadeur Tialda Hoogeveen. Mei dy foarlêsmominten waard tagelyk it startskot jûn foar de ‘foarlêstafette’. Dat hâldt yn dat twa foarlêstassen, mei dêryn ûnder oaren in Tomke- en in Keimpe-boekje en in lêsdeiboekje, alle dagen trochjûn wurde oan in oare foarlêzer. Sa reizgje de boekjes hiel Fryslân troch!

Alle jierren yn septimber wurde de Lês-mar-foar-wiken organisearre. Mei dy jierlikse kampanje wolle wy omtinken freegje foar it foarlêzen yn it Frysk oan bern fan 2 oant en mei 8 jier. Oeral yn Fryslân wurdt dan (ekstra) foarlêzen yn it Frysk: op de berne-opfang, by gastâlden, op skoallen en fansels ek thús! Want foarlêzen is net allinne gesellich, mar ek hiel belangryk foar de taalûntwikkeling fan jonge bern. Hielendal foar de ûntwikkeling fan in minderheidstaal lykas it Frysk.

Tomke & Keimpe

It tema fan 2025 is ‘aventoer’ en slút dêrmei oan op it tema fan de lanlike Kinderboekenweek, dy’t yn oktober plakfynt. Foar de pjutten ferskynt yn dat tema in nij Tomke-boekje, dêr’t by gastâlden en op de pjutte- en berne-opfang út foarlêzen wurdt. Nei ôfrin krije de pjutten it boekje mei nei hûs, sadat bern en âlders thús ek genietsje kinne fan de ferhalen. It boekje ferskynt net allinnich yn it Frysk, mar ek yn it Bildts, Stellingwarfs en Franekers. Foar de âldere bern (4 oant en mei 8 jier) ferskynt in nij
Keimpe-boekje yn itselde tema, dat elkenien fergees ophelje kin by de biblioteek. Alle basisskoallen krije ek in eksimplaar fan it boekje tastjoerd, om yn de Lês-mar-foar-wiken út foar te lêzen. Der is ek in echte ‘Keimpe Lêsrap’! Skoallen dy’t dêr in live-optreden fan winne wolle, kinne foar 20 septimber in aventoerlike foarlêsfoto ynstjoere nei keimpe@afuk.frl.

Oare foarlêsaktiviteiten

Op 13 septimber, mei ‘Uit in Huis’, kinne bern meidwaan oan ús ‘foarlês-speurtocht’ by Tresoar yn Ljouwert. Sykje nei de foarlêzers en genietsje fan de ferhalen dy’tst fynst! Op tsjil.omropfryslan.nl binne yn septimber nije bernefilmkes te besjen. En op Tjitsfloch binne alle ferhaaltsjes en ferskes út it Tomke-boekje te hearren! Dêrneist wurde der mei de Lês-mar-foar-wiken ferskate foarlês-, dûns- en muzykfoarstellingen organisearre yn de biblioteken fan Fryslân. Foar bern fan 2 oant en mei 8 jier leit dêr in fergees Tomke- of Keimpe-boekje klear. Dus: lês mar foar!

It Lês-mar-foar-projekt wurdt organisearre troch Afûk, Fers, SFBO, Cedin en Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer de Lês-mar-foar-wiken is te finen op lesmarfoar.frl.

Deel dit artikel:


To top
Lês-mar-foar-wiken 2025 ôftrape mei de ‘Foarlêstafette’ – Taalplan Frysk 2030