Lêze dêr’tst it net ferwachtest, op it húske!

14 july 2025

Sûnt koart kinne learlingen fan csg Bogerman yn Snits wol op in hiel bysûnder plak lêze: de Leesplee.

Benammen jongeren hawwe hieltyd minder wille yn lêzen. Dat is skande, want lêze lit dy groeie. Ut it Fries Leesoffensief wei is dêrom dizze foarm betocht om learlingen yn it fuortset ûnderwiis yn ‘e kunde komme te litten mei prachtige koarte ferhalen yn ferskillende talen. Sa wurde der ek Fryske ferhalen brûkt, ûnder oare fan it projekt LêsNo.

It is in leechdrompelige en humoristyske wize om jongerein wer yn oanrekking te bringen mei lêzen. Yn in tiid dat skermen oeral binne, biedt de Leesplee krekt efkes rêst – én in goed ferhaal. Nei de simmer folgje der mear skoallen yn it fuortset ûnderwiis dy’t meidogge mei Leesplees.

Deel dit artikel:


To top
Lêze dêr’tst it net ferwachtest, op it húske! – Taalplan Frysk 2030