Mear as 350 oanfragen foar subsydzje FFNEL

02 septimber 2025

De regeling Frysk foar no en letter hat iepen west fan 31 maart oant en mei 13 juny 2025. Yn totaal binne der mear as 350 oanfragen dien, ferdield oer de fjouwer plafonds. De measte skoallen hawwe al berjocht hân oer har oanfraach (of oanfragen), of kinne dat ynkoarten ferwachtsje. Op dit stuit is de provinsje noch dwaande mei it opfreegjen en ferwurkjen fan de lêste oanfoljende ynformaasje. It giet dan benammen om oanfragen yn de kategoryen Kultueredukaasje en Frijroasterjen – dêrfan is it plafond (rom) berikt, mar moat no goed sjoen wurde hokker oanfragen dêrfan beskikt wurde kinne.

Deel dit artikel:


To top
Mear as 350 oanfragen foar subsydzje FFNEL – Taalplan Frysk 2030