Meld dy no oan foar LêsNo – Maten, foar altyd

23 septimber 2025

Yn jannewaris is LêsNo der wer! Dit jier komt it populêre lêsbefoarderingsprojekt mei it boek Maten, foar altyd fan Thys Wadman. It materiaal kin yn desimber by jim op skoalle lizze. Alle earsteklassers krije in eigen boek en 6 lessen mei opdrachten om mei-elkoar yn it ferhaal te dûken. Fansels is der ek wer in audio-meilêsferzje. Ferline jier diene hast 5000 brêgeklassers fan 35 skoallokaasjes mei oan it projekt. Dochsto dit jier ek mei? Opjaan kin oant 17 novimber. It komplete pakket mei in boek foar alle learlingen kostet € 100,- de skoallokaasje. Wolst as dosint it boek alfêst yn it foar lêze? Mail Marrit de Schiffart, m.deschiffart@cedin.nl en krij it boek digitaal.

It boek
De flaptekst fan it boek Maten, foar altyd fan Thys Wadman:  

Ynienen sjoch ik har. Se hat it finster fan it loket iepenskood, sjocht my oan en knikt even. Se hat in blauwe polo oan mei dêrop it logo fan de plysje.
‘Hoi! Wat sitsto dêr silich op dat bankje. Kin ik miskien wat foar dy dwaan?’ freget se.
Ik kom oerein en rin nei it loket. ‘Ik haw in ôfspraak’, sis ik. Ik fiel dat myn stim in bytsje trillet.


Ids en JJ binne al jierrenlang freonen. Gjin gewoane freonen, mar echte maten. Maten foar altyd, sizze se sels. Dat hawwe se op de basisskoalle ôfpraat. Mar op de middelbere skoalle feroaret in soad. Hoe giet it mei sa’n freonskip as ien fan beiden oer de skreef giet? Giet de oar dêryn mei? Folget dy? Of kiest dy foar himsels? 

Deel dit artikel:


To top
Meld dy no oan foar LêsNo – Maten, foar altyd – Taalplan Frysk 2030