Minor Friese Journalistiek en Media fan hegeskoalle NHL Stenden úteinset

06 febrewaris 2025

De nije minor Friese Journalistiek en Media fan hegeskoalle NHL Stenden is dizze wike úteinset. De minor moat it foar Fryske media makliker meitsje om sjoernalisten en mediamakkers te finen dy’t it Frysk fakkundich goed brûke kinne en kennis hawwe fan de Fryske kultuer, skiednis en maatskippij. De minor is opset yn gearwurking mei Omrop Fryslân, Leeuwarder Courant en Friesch Dagblad en wurdt mooglik makke mei stipe fan it Ryk en de provinsje Fryslân.

Foar sjoernalisten en mediamakkers yn Fryslân is it wichtich om har fakkundich yn it Frysk útdrukke te kinnen. Lykwols is it foar de Fryske mediabedriuwen net altyd maklik om sjoernalisten te lûken dy’t (al foldwaande) kompetint binne yn de Fryske taal en kennis hawwe fan de Fryske kultuer en maatskippij. It doel fan de minor Friese journalistiek en media is dan ek om it wurkfjild (op termyn) te foarsjen fan taal- en kultuerkompetinte sjoernalisten. Tagelyk wol de minor kreative en ynspirearjende crossovers realisearje tusken opliedingen en wurkfjild.

Studinten en profesjonals
De minor is tagonklik foar studinten fan alle hegeskoallen yn Nederlân. Dêrnjonken kinne ek minsken út de beropspraktyk de minor folgje. De minor rjochtet him op in kombinaasje fan taalfeardichheden, kennis fan de Fryske taal, kultuer en maatskippij, en (sjoernalistike) praktykkennis- en ûnderfining. By it praktykdiel binne Fryske media en Fryske organisaasjes belutsen.

Houkje Rijpstra, direkteur fan Omrop Fryslân, hat har út namme fan de Fryske media bot ynset foar in oplieding op it mêd fan Frysktalige sjoernalistyk. “Wy binne der tige bliid mei dat dizze minor der no is. Foar de takomst fan Omrop Fryslân as Frysktalich medium, mar ek om it Frysk yn de skreaune parse op nivo te hâlden is it tige wichtich dat sjoernalistike talinten in stevige basis krije om yn de Fryske media goed wurkje te kinnen.”

Akademydirekteur Patrick Bemelmans út namme fan NHL Stenden: “Voor NHL Stenden is het belangrijk om bij te dragen aan versterken van de Friese taal en cultuur. We zijn blij dat we door onze expertise op het gebied van taal, communicatie en journalistiek kunnen bijdragen aan de ontwikkeling van mediaprofessionals in onze regio. Met deze minor zetten we hiervoor een belangrijke stap. De samenwerking met de Omrop en Mediahuis was al goed maar wordt nu nog beter.”

Stipe fan provinsje en Ryk
De ûntwikkeling en útfiering fan de minor is mooglik makke mei stipe fan de provinsje Fryslân en it Ryk. Dat is ôfpraat yn de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) 2025-2028. Yn de oanrin nei de BFTK hawwe ferskate partijen meitocht oer opliedingsmooglikheden foar Frysktalige sjoernalistyk, hat der omtinken foar west yn de Twadde Keamer en hat advysorgaan DINGtiid der in advys óer útbrocht oan Ryk en provinsje.

Deel dit artikel:


To top
Minor Friese Journalistiek en Media fan hegeskoalle NHL Stenden úteinset – Taalplan Frysk 2030