De kunst van het verdwalen is een boek fol mei bûtengewoane wurkfoarmen. It is in útnûging om fan it bekende (ûnderwiis-)paad ôf te gean en der in ûntdekkingstocht fan te meitsjen. Om mei dyn learlingen útein te setten en dy te fernuverjen oer wêr’tst útkommen bist.
Yn dit boek fynst ynspirearjende wurkfoarmen en in ienfâldige formule. In handige formule dy’t dy ferdwale lit. Sa jouwe Anne Graswinckel en Jeffrey Deelman dy by alle wurkfoarmen ideeën, rjochtingen en ferdwalingen om dy op gong te helpen. Mar daagje dysels út om mei te tinken, om dyn holle en dyn gefoel der by oan te setten. Do kinst nammentlik net eksakt kopieare wat in oar betocht hat… omdatst altyd dysels meinimst. Dus komponearje, regissearje, boetsearje, konstruearje en fantasearje. En ferras dysels mei unike, troch dysels betochte, en troch nimmen oars út te fieren, bysûndere lessen.
Sjoch op https://keunstwurk.nl/initiatief/boek-de-kunst-van-het-verdwalen/.