Keunstryk bringt goed en ynspirearjend meartalich taalûnderwiis en goed en ynspirearjend kultuerûnderwiis byinoar.
Keunstryk bringt goed en ynspirearjend meartalich taalûnderwiis en goed en ynspirearjend kultuerûnderwiis byinoar. Skoallen kinne in eigen plan meitsje of kieze út ien fan de trije besteande ûntwerpen: kreatyf skriuwen, filosofearjen en folksverhalen. Keunstryk soarget foar alle yngrediïnten, praktyske ynstruminten en in prosesbegelieder, in keunstner en in taalspesjalist dy’t mei de skoalle meitinke oer in ûntwerp dat passet by de skoalle. De keunstner fiert it ûntwerp mei de learkrêften út. Yn Keunstryk ûntstiet ûnderwiis mei betsjutting, bloeit (ferskûle) talint op en ûnderfine learkrêften en learlingen romte en frijheid om te learen, te filosofearjen, te fantasearjen, te eksperimintearjen, te meitsjen en te boartsjen.
Sjoch op Keunstryk – Keunstwurk of nim kontakt op mei Anja Morsink: anja.morsink@nhlstenden.com, 06 283 037 01.