Lês-mar-foar-wiken

  • Foarskoalsk

Yn septimber wurde elk jier de ‘Lês-mar-foar-wiken’ organisearre. Yn dy perioade stiet it Frysk foarlêzen oan pjutten én bern fan […]

Beskriuwing

Yn septimber wurde elk jier de ‘Lês-mar-foar-wiken’ organisearre. Yn dy perioade stiet it Frysk foarlêzen oan pjutten én bern fan 4 jier en âlder sintraal. Want wat is der no fijner as foarlêzen (wurde)? Boppedat is foarlêzen ien fan de bêste aktiviteiten om de taalûntwikkeling fan bern te stimulearjen, en hielendal de ûntwikkeling fan in minderheidstaal lykas it Frysk.  
 
Yn de lêste wike foarôfgeand oan de Lês-mar-foar-wiken wurde fergees temaboekjes besoarge op alle pjutte- en berne-opfanglokaasjes yn Fryslân, dy’t alle pjutten nei it foarlêzen mei nei hûs krije.  Der is ek in Stellingwerfske, in Bildtske en in Franeker ferzje fan it temaboekje. Op skoallen dyt har dêrfoar oanmelden ha, wurde Keimpe-boekjes besoarge. Yn de Lês-mar-foar-wiken kin út de boekjes foarlêzen wurde. Lokaasjes kinne hjirfoar in foarlêzer benaderje út de foarlêspool, in list mei foarlêzers dy’t te finen is op www.lesmarfoar.frl. Hjir is ek de ferspriedingslist te finen fan pjutte- en berne-opfanglokaasjes dy’t meidogge oan de Lês-mar-foar-wiken. Wizigingen kinne trochjûn wurde fia ynfo@lesmarfoar.frl.


To top
Lês-mar-foar-wiken – Taalplan Frysk 2030